Freedtejûn 15 novimber 2019 moetet hiel Fryslân elkoar yn winterwaarme sfear om ferhalen te fertellen en nei te harkjen.

OER FERHALENJÛN • 15 NOVIMBER 2019

Ferhalenjûn is by minsken thús, yn musea, mar ek by horeca, ûndernimmers en ferieningen. Tema fan de jûn is 'As stiennen koene prate'.

FAQ

Ik kin net goed ferhalen skriuwe, wat no?

In tip: skriuw jo ferhaal op sa’t jo it oan jo buorfrou fertelle soenen. 100 oant 300 wurden is al genôch.

Der docht fierder noch net ien yn myn doarp mei, kin ik wol meidwaan bliuwe?

Fansels! As jo wolle dat mear minsken út jo doarp meidogge, kinne jo sels ek minsken freegje om mei te dwaan!

Mei ik ek mei in oar in ferhaal fertelle?

Fansels!

It past net yn myn hûs, mei it ek yn it doarpshûs/ kafee/ buorlju/ biblioteek/ yn in museum?

Jawis, as jo op in oar plak jo ferhaal fertelle wolle, is it handich om foar jo oanmelding dêr ôfspraken oer te meitsjen. Dan kinne jo by jo oanmelding it adres fan it fertelplak opjaan.

Ik wol graach meidwaan as fertelplak (doarpshûs/tsjerke/kafee/ ensf.). Hoe jou ik my op?

Mail nei info@verhalenavond.nl.

Is der ek promoasjemateriaal? Wannear krij ik dat?

Ja, mail efkes nei info@verhalenavond.nl, dan stjoere wy dat op.

Mei wa kin ik kontakt opnimme foar fragen?

Fia info@verhalenavond.nl kinne jo alle fragen stelle.

Kostet it jild om mei te dwaan?

Nee, meidwaan is fergees.

Hoe kin ik myn ferhaal oanpasse/ôfmelde?

Troch te mailen nei info@verhalenavond.nl kinne jo jo oanpassingen trochjaan of trochjaan dat jo jo ferhaal net mear fertelle kinne.

Moat myn ferhaal mei it tema te meitsjen hawwe?

It tema is fan belang, mar dêr kin elkenien kreatyf mei oan de slach!