Willem Schoorstra fertelt oer de Edda

Afûk

Boterhoek 3 - Leeuwarden Plan je route

Willem Schoorstra, auteur fan ferskate (diels histoaryske) romans, lykas Redbâd en Pier en it súksesfolle boekewikegeskink fan dit jier, Rosmos, is dwaande mei in nij projekt:
de oersetting fan de poëzij-Edda: in samling goade- en heldelieten út it Yslân fan de midsiuwen. De goadelieten binne basearre op de Noardske mytology en de epyske heldelieten ha foar in part in histoaryske achtergûn. De lieten komme út in mûnlinge tradysje dy’t miskien wol weromgiet oant de tredde-fjirde iuw.
Willem Schoorstra sil op dizze ferhalejûn fertelle oer dit nijsgjirrige projekt.

Willem fertelt om 19.30, 20.00 en 20.30 oere. Kom derby!

je bent welkom op 15 november 2019

Bekijk de verhalen En plan je bezoek

Op deze website verzamelen we alle verhalen en vertellocaties. Raadpleeg de landkaart of locatielijst voor verhalen in jouw omgeving. Zo kun je gericht op pad. Naar welke verhalen ga jij luisteren op 15 november?