‘Wat stiennen ús fertelle’ & ‘De ûnderste stien boppe’

Giny Bastiaans & Jansjet de Vries

Noarderein 1 - Tietjerk Plan je route

‘Wat stiennen ús fertelle’ – Giny Bastiaans

Ik wol fertelle oer wat my op dit stuit it measte dwaande hâldt.
Wat komt der op de stien te stean op it grêf fan myn man? En dus op dat fan my? Want syn urn komt deryn te stean. En letter dy fan my.
Wat sil de tekst wêze op dy tinkstien? In tekst dy’t wy meijaan wolle oan elk dy’t ús leafhân hat.
Earst siet ik mei de wrakseling fan ferstruie of toch in tinkstien?
Mei ferstruien op see bliuwt der neat oer, seine de bern.
In bysûnder barren joech de trochslach. Yn Noard-Frankryk, by de Somme, fûn dizze simmer ús skoansoan de namme fan syn sneuvele oerpake. Dat weromfinen fan dy namme, op dy tinkstien mei 70.000 oare nammen, makke sa’n yndruk en brocht sa’n emoasje en bliidskip by him, by ús, dat ik ynienen wist: It is goed dat nammen fêstlein wurde yn stiennen. Om de namme te neamen, net ferlern gean te litten. Om stil te stean by de mins dy’t dy namme oait droegen hat en om nea te ferjitten.

Giny

‘De ûnderste stien boppe’ – Jansjet de Vries
In ferhaal út 1943 oer de molkstaking yn ‘e oarloch. Hjirby binne 60 ûnskuldige minsken út ‘e trije noardelike provinsjes deasketten. Ien fan harren wie Broer de Witte út Blauhús. Hy is op in ûnbekind plak begroeven, lykas al dy oaren. Foar de neibesteanden fielt dat net goed. Yn 1995 foarmet Truus de Witte, in omkesizzer fan Broer, mei twa histoarisy de “Werkgroep Appelbergen”. Sy gean op ûndersyk út en besykje om de ûnderste stien boppe te krijen.

Jansjet

Wy fertelle ús ferhalen yn de Boekehoeke yn Doarpshûs Yn ‘e Mande yn Tytsjerk. De ferhalen binne elk 15 minuten. Wy fertelle om en om trije kear ús ferhaal.

je bent welkom op 15 november 2019

Bekijk de verhalen En plan je bezoek

Op deze website verzamelen we alle verhalen en vertellocaties. Raadpleeg de landkaart of locatielijst voor verhalen in jouw omgeving. Zo kun je gericht op pad. Naar welke verhalen ga jij luisteren op 15 november?