Tiny Mulder, superwoman út Beetstersweach
Naam verteller: Gerda van der Wijk
Superwoman út Beetstersweach
Fersetsfrou, sjoernaliste, echtgenoate, mem en dichteres: Tiny Mulder (1921-2010) wie it allegear!
Yn 1939 helle se har diploma oan ‘e hegereburgerskoalle (hbs) en woe se oan ‘e slach as sjoernaliste. Se koe spitigernôch gjin wurkplak fine. Op fersyk fan Pieter Wijbenga kaam sy úteinlik telâne op it distribúsjekantoar yn Drachten. Letter die bliken dat Wijbenga, dy’t ûnder de skûlnamme ‘Geale de Vries’ aktyf wie by ferskate Fryske knokploegen, in dûbele aginda hie. Hy keas syn amtners soarchfâldich, om bûten de legale grinzen manûvrearje te kinnen, sûnder risiko fan gepraat of fertochtmakkingen. Sa rôle ek Tiny yn it ferset tsjin de Dútske besetter. Yn de Twadde Wrâldoarloch reizge sy it hiele lân troch om Joaden en oare ûnderdûkers ûnder te bringen. Ek brocht sy berjochten oer en ferfierde sy dokuminten. Nei de oarloch gie Tiny Mulder as sjoernaliste oan ‘e slach by it Friesch Dagblad (FD). Dêr wie se lange tiid de iennichste frou op ‘e redaksje en sels nei de berte fan har earste bern yn 1951 bleau sy wurkjen. Fjirtich jier lang wurke sy yn dieltiid by it FD. Al dy tiid ûndertekene se har stikken mei ‘Tiny Mulder’, ek nei har houlik. Dat wie by it FD dochs wol hiel emansipearre.
Tiny Mulder kin sjoen wurde as in echte superwoman. Neist har baan as sjoernaliste en har rol as echtgenoate en mem, dichtte se, skreau sy ferhalen en twa romans, berneboeken, harkspullen en in bondel. Yn 1986 krige sy foar har hiele oeuvre de Gysbert Japicxpriis, de wichtichste Fryske literêre priis.
Waar vertel ik mijn verhaal?
Obe, Ljouwert
Mijn verhaal is onderdeel van een programma want:
Op de locatie waar ik vertel zijn meerdere vertellers
Op welke tijdstippen vertel je je verhaal?
19:00 uur
19:30 uur
20:00 uur
20:30 uur
21:00 uur
21:30 uur
In welke taal vertel je jouw verhaal?
Anders
Leeftijdscategorie van de verteller
55-70
Bijzonderheden
Taal: Frysk en Nederlânsk, hinget fan de besikers ôf. Tusken 19.00 en 22.00 oere binne jo wolkom yn Obe, Heer Ivostraatje 1, Ljouwert