Omrop Fryslan: Freedtejûn wie der wer in ferhalejûn, mar noch wol yn lytsere foarm
It moast lytser, der wiene minder fertellers, mar dochs waard freedtejûn wer in ferhalejûn organisearre. Yn Nijewier mochten fjouwer minsken harren ferhalen foardrage oan in publyk fan tsientallen minsken. De ferhalejûn is in erfenis fan it Kulturele Haadstêdjier 2018.
Bysûndere ferhalejûn rûnom it tema ‘firus’
“Dit is geweldich. We binne grutsk dat we dochs wat organisearje kinne en ferhalen oer it tema ‘firus’ heare meie”, fertelt artistyk lieder Janneke de Haan.
Op fjouwer lokaasjes yn Nijewier en Wetsens waarden ferhalen ferteld. It tema ‘firus’ koe breed ynfolle wurde, want de ferhalen giene oer bysûndere moetingen troch corona oant in ‘firus’ foar fotografearjen.
Foar de organisaasje is dizze jûn foaral handich mei it each op lettere eveneminten. De Haan leit út: “We wolle in ûndersyk dwaan nei wat in ferteller nedich hat en hoe’t we dy it bêste begeliede kinne. Op sa’n jûn wolle we dan safolle mooglik fertellers oan it wurd litte.”
It is de bedoeling dat der yn novimber wer in ‘gewoane’ ferhalejûn organisearre wurdt. It tema is dan Taal fan myn Hert. Opjaan dêrfoar is mooglik fan 1 july ôf.