Ferhalejûn giet troch: grut ferlet oan ‘live’ moetings

24.09.20 | 12:47

It begjint sa stadichoan in tradysje te wurden: de ferhalejûn yn novimber. It wie yn 2018 it startpunt fan Kulturele Haadstêd en fynt dit jier op 6 novimber foar de tredde kear plak. Yn hiel Fryslân wurde yn yntime sfear ferhalen ferteld. Lange tiid wie it ûnwis oft it dit jier digitaal of yn it echt plakfine soe. De organisaasje is der no út: it wurdt in jûn dêr’t minsken elkoar écht moetsje kinne.

 Sjoch foar mear berjochten op de side fan Omrop Fryslân.

‹ Terug naar overzicht