Podcast 4: It firus en Jelle Terwal
Dit is it fierde diel fan de podcastrige ‘It firus en ik’. It ferhaal fan Jelle Terwal, dy’t prostaatkanker hat, fertelt oer de risiko-analyzen dy’t hy makket.
Emosjoneel is Jelle Terwal der oars mei dwaande as wannear’t der gjin coronafirus wêze soe. Doe’t de behannelingen tsjin kanker begûnen wist er al dat hy hiel goed om himsels tinke moast. Mar ek om de wrâld om him hinne, want corona der ek nochris by krije is wol it lêste wat hy wol. It soarget foar dilemma’s. No ek, wannear’t er te sporten giet bygelyks.
Kontrôle kwyt
De kombinaasje fan kanker en corona hat him sawiesa feroare. Hy lit no de dingen mear oer him hinne komme, sa’t er dat ek dwaan moast yn it sikehûs. Oerlevere oan de saakkundigens fan oaren, wie hy de kontrôle kwyt.
Yn syn ferhaal ‘Bin ik in krêbebiter’ fertelt er wiidweidich oer hoe’t dat wie en hoe’t dat no is. Dat er belle wurdt mei it berjocht dat de operaasje net trochgean koe fanwegen it coronafirus, wylst er it wol útraze wol dat dy kanker út syn liif helle wurde moat. Dat er eltsenien mar appt dat it net troch giet. Noch gjin oardel oere letter wurdt er wer belle: it kin dochs trochgean. It jout mar oan hoe’t de situaasje hieltyd wer feroarje kin.
Yn de sportskoalle set ik it rút iepen.
Jelle Terwal
Jelle sjocht noch foar him hoe’t er troch de gong fan it sikehûs riden waard en de corona-ôfdieling foarby gie: de minsken mei pakken, kapkes en maskers makken djippe yndruk. Of dat de minsken fan it sikehûs sykje moasten wêr’t alles lei om’t sy gewoanwei op oare ôfdielingen wurkje. Besite wol nei de operaasje delkomme, mar ja, hoe moat dat? It moaie waar fan april dit jier helpt: yn de oerkaping yn de tún kin er dochs noch minsken ûntfange.
Rút iepen
It giet no goed mei him. Dat wol sizze, de wearden binne goed. Fan it firus binne we noch lang net ôf, Jelle is no mei de twadde weach ek wer hiel hoeden. As er in gebou yn stapt dan is it rûtine om it mûlekapke op te setten. Dêr’t er eartiids oeral sa nei ta gie makket hy no in hiel plan. Wêr giet er hinne, hoe sil er dêr hinne, watfoar ynfloed hat dat op him en wat moat hy dwaan om dy ynfloed te beheinen.
In soart fan risiko-analyze? Ja, eins wol. Sa as de sportskoalle. Hy giet der noch nei ta salang’t it noch mei en kin. Hy scant fuort as er fiif besikers binne en siket dan syn eigen plak. Of is sa brutaal, sa as er sels seit, om it rút mar iepen te dwaan sadat er goed fentilearre wurde kin. It is net maklik, mar hy wit wêr’t er it foar docht: hy wol wer op de top fan de berch komme. Der is ek noch in hiel moai foarútsjoch, want takom jier wurdt Jelle foar it earst pake. It berntsje is in corona-poppe.