Publyk harket nei ferhalen yn húskeamers oant tsjerken: 3.500 besikers
14.12.22 |
09:38
Mei-inoar 3.500 besikers binne freedtejûn ôfkaam op de Ferhalejûn. Op tsientallen plakken yn Fryslân waarden ferhalen ferteld, fan húskeamers en tsjerken oant kroegen en eardere skoallen.
It jierlikse evenemint is ûntstien yn 2018 by it begjin fan Kulturele Haadstêd. Tema fan dit jier wie de ommekear, in belangryk momint foar minsken wêrtroch’t harren libben in draai nommen hat.