Podcast 5: It firus en Marcelle Mulder
Yn dit lêste diel fertelt Marcelle Mulder, geastlik fersoarger by soarchorganisaasje Patyna, it ferhaal ‘Wurden fan treast’.
Wat seist tsjin de man dy’t refalidearje moat nei in harsenblieding? De man dy’t midden yn de lockdown syn eigen frou en pakesizzer net sjen mei. Mei om him hinne minsken dy’t besmet binne, wylst hy de doar net út kin. Der net út mei.
Dat is it wurk fan geastlik fersoarger Marcelle Mulder, dy’t yn Utrecht wennet. Sy coacht benammen fersoargjenden by Patyna, sadat dy witte wat se sizze kinne tsjin minsken op drege mominten. Mei de lockdown baarnde it wurk har yn. Se woe sa graach wat dwaan, wat betsjutte kinne. Just no.
(…)
Nooit is iemand zeker van iets,
te worden geliefd, te worden
verlaten
alles kan en alles mag
alles wisselt elkaar af
(…)
Moed om op te staan, fan Judith Herzberg
Dan komt it momint dat se komme mei. Net nei de coronapasjinten, mar nei al die oare âldere minsken dy’t yn de soarch yn in lockdown sitte. Dy witte dat der besmettingen yn it tehûs om harren hinne binne. Dy witte dat der minsken ferstjerre. Dy iensum en allinnich op harren keamer sitte, yn in situaasje dy’t foar elts nij is. “Soms, nee, vaak denk ik dat het middel erger is dan de kwaal”, fertelt Marcelle yn har ferhaal.
Rouwe
Mar dan heart se ek wer de oare kant fan it ferhaal, fan de ferpleechkundigen dy’t fertelle oer hoe aaklik it firus is. Se fertelt oer hoe’t se sa faak as mooglik neist it bêd fan in man sit, dy’t refalidearje moat fan syn harsenblieding. En ja, dan kin elts wol sizze dat hy in moaie keamer hat mei prachtich ljocht, mar foar him is it in finzenis.
Oan de ein fan elts petear lêst se poëzy foar, dêr hâldt hy fan. Benammen it gedicht fan Judith Herzberg rekket him kear op kear: “Moed om op te staan”. It gedicht helpt him te gûlen en sa te rouwen foar alles dat hy ferlern hat. It jout him ek de moed om troch te gean.
Moed
Moed, sa fertelt Marcelle, “is vermogen je huiver te verdragen, weigering toe te geven aan onze benauwdheid. Moed is deugd waarmee je aan iets begint, en opnieuw begint en opnieuw begint.” Se hellet de filosoof Aristoteles derby. Hy neamt moed as ien fan de ‘kardinale deugden.’ It helpt Marcelle ek yn har wurk om dochs har noed út te sprekken en moed te hâlden.
Ja, fansels ferliest se de moed ek wolris, dan fielt se har benaud. Wat dan helpt, is om te betinken wat se nedich hat. Nei bûten, de natuer yn, lekker iten meitsje, moaie muzyk opsette, jesels ferlieze yn in boek. Saken dy’t altyd sa gewoan lykje, mar no wêzentlik binne. Of dat altyd al wienen. Miskien is dat ek wol watst leare kinst fan dizze krisis: leare te fielen wat je sels nedich hawwe. En dan meist sa no en dan it nijs best even útsette.