Moat myn ferhaal mei it tema te meitsjen hawwe?
It tema is fan belang, mar dêr kin elkenien kreatyf mei oan de slach! Dit jier is it tema ‘It fjoer yn my’. Ferhalen kinne gean oer dat iene wêr’tsto echt entûsjast fan wurdst. Ferhalen oer passy, trochsettingsfermogen, freonskip, selsûntdekking, kreativiteit en moaie oantinkens. En ek oer ferbining en mienskip, hoe’t bygelyks ien persoan oaren oanstekke kin en in kettingreaksje fan feroaring feroarsaakje kin.