Oer Verhalenavond
Op Verhalenavond moetet hiel Fryslân inoar om te harkjen nei ferhalen. Ferhalen yn húskeamers, musea, kafees, gebouwen fan de oerheid, biblioteken, by ferienings en bedriuwen.
Ek do hast in ferhaal
Elkenien hat wol in ferhaal. Op Ferhalejûn is der ear foar alle ferhalen. Hoechst echt gjin literêre fertelling te hâlden, mar gewoan in ferhaal sa ast dat oan in oar fertelst. Oer foarfallen, oer watst meimakke hast, oer watst witst oer de omjouwing, of oer eat dat net elkenien wit.
Tema Ferhalejûn
Dit jier is it tema ‘It fjoer yn my’. Ferhalen kinne gean oer dat iene wêr’tsto echt entûsjast fan wurdst. Ferhalen oer passy, trochsettingsfermogen, freonskip, selsûntdekking, kreativiteit en moaie oantinkens. En ek oer ferbining en mienskip, hoe’t bygelyks ien persoan oaren oanstekke kin en in kettingreaksje fan feroaring feroarsaakje kin.
Oanmelde as ferteller
Kinst dy noch net oanmelde foar 2024
Wêr fertel ik myn ferhaal?
Dat meist hielendal sels witte. Do sikest in gaadlike lokaasje dy’t by dy of by dyn ferhaal past. Dat kin gewoan by dy thús wêze, of by de buorlju, of yn in tsjerke. Ast de lokaasje regele hast, kinst dy oanmelde, dêrnei komme dyn ferhaal en lokaasje op de kaart te stean sadat it publyk wit datst meidocht.
Organisaasje
Ferhalejûn is in produksje fan Pier 21. It team fan Ferhalejûn bestiet út:
Wini Weidenaar – Projektlieder
Maaike Beckers – Saaklik lieder
David Lelieveld – Kreatyf produsint
Jos Thie – Artistyk adviseur
Alie Falkena – Produksje
Leonie van der Zee – Marketing