Podcast 3: It firus en Nicoline Wolfs

04.11.20 | 09:03

Dit is it tredde diel fan de podcastrige ‘It firus en ik’: it ferhaal fan Nicolien Wolfs, dy’t wurksum is by Jeugdhulp Friesland.

Nicolien Wolfs wurket as praktykcoach by Jeugdhulp Friesland, sy coacht de behannelers. Fertelle oer bern dy’t yn soarch binne is dreech, want je sitte mei privacy. Dochs woe sy meidwaan oan de ferhalejûn om’t der foaral in soad omtinken wie en is foar de akute soarch. Dizze bern, en de soarch dy’t sy nedich hawwe, bliuwe sa no en dan ûnbeljochte. En dat wylst der hiel wat bart.

“In needgroep foar bern yn deibehanneling, dat haw ik yn al dy 25 jier dat ik hjir wurkje noch nea meimakke”, fertelt se yn har ferhaal. Thúswurkje waard it ‘nije normaal’ en op har wibelkessen foar it skerm mei de safolste meeting heart se allinne mar fan har minsken dat se sa’n soarch hawwe oer al dy bern dy’t no thússitte.

De noed nimt ta
Sy wol leaver wat dwaan, sy is gjin stilsitter. Yn har wurk giet it om bern yn de pjutters- en beukersleeftiid dêr’t de ûntwikkeling net giet sa as ferwachte. Somtiden sit dat yn it bern, somtiden yn de omjouwing. Faak is it in kompleks fan faktoaren. Yn alle byldbel-sesjes dy’t sy hat mei har kollega’s, heart se de noed oer de thússittende bern tanimmen.

It berntsje mei de prikelstoarnis, dy’t samar útboarte is, of de allinne steande mem yn it asylsikerssintrum en har berntsje. De frou hat trauma’s en net genôch romte om each te hawwen foar har bern. De pakketbesoargers sille wol tocht hawwe, wat moat dizze frou mei al dat guod?

Nicolien Wolfs
Bern ûntwikkelje harren as sy in foarbyld hawwe, Mei oare wurden: sy hawwe ien nedich om it fan te learen. Hoe’t grutte minsken it dogge, sa dogge bern it dan ek. De meiwurkers dogge alles om de bern en har âlden yn byld te hâlden. Mei byldbeljen, WhatsAppe, gewoan belje, tips jaan en stypje. Want foar de âlden is it net maklik as je ynienen mei sokke jonge bern, dy’t net foar neat yn behanneling binne, thús sitte. Dei yn, dei út.

Boartersguod
Lang om let fersint Nicolien eat, om dochs eat dwaan te kinnen. Se kin boartersguod bestelle en dat útliene oan al dy bern dy’t thús sitte. Boartersguod dat de ûntwikkeling stimulearret. Sy bestelt en bestelt en bestelt, it iene nei it oare pakket komt binnen. “De pakketbesoagers sille wol tocht hawwe”, laket se, “wat moat dizze frou mei al dat guod”.

Oft it holpen hat? Wis wol. En it guod kin wer op ‘e nij brûkt wurde, want sy hawwe der in útliensysteem fan makke, dus it is hartstikke duorsum. Har ferhaal is in konkreet foarbyld fan wat sy dwaan koe yn dizze krisis sûnder yn hoege te gean op yndividuele gefallen om foarbylden te jaan. Sa jout se dochs wat mear ynsjoch yn wat de gefolgen fan it coronafirus op dizze groep is.

In oare kant
In behanneling duorret yn trochsneed njoggen moannen. Dat hat mei de lockdown begjin dit jier trije moanne stillein, dat hat fansels effekt op al dy bern dy’t no net har behanneling krije koene. Hoe grut dat effekt is, is dreech te sizzen. Der is ek in oare kant. Thússitte soarge yn guon gefallen ek dat der mear kontakt is, mear ferbining, mei alle prikels dy’t fuortfalle. Guon bern hawwe sels in sprong makke yn taalûntwikkeling.

“Zien en gezien worden”
Nicolien fertelt hoe wichtich it is dat âlden harren bern sjogge. “Het is zien en gezien worden.” Sjogge je as âlder wat in bern nedich hat, en hast sels de romte om dat dyn bern ek te jaan? Ek dat is wat de krisis bleatleit. Dat jildt ek net allinne foar âlden en bern yn behanneling by Jeugdhulp Friesland, mar foar alle âlden en bern. Der is mear tiid en der binne minder prikels om wier kontakt mei-inoar te meitsjen.

‹ Terug naar overzicht