Categorie: Nieuws

IN LANGSTE DEI

Naam verteller: Wibe Steenaart

Sneekerpad 14 - IJlst Plan je route

In langste dei.
Op it begryp tiid kin je rûm beskôgingen los litte. De kloktiid kinne we allegjearre. Dat is de reden dat nijernôch elkenien in polshorloazje draacht en mient der ek net mear sûnder te kinnen. It is de manifestaasje fan de macht fan Chronos. Dêr njonken kin je tiid ek yndele yn de mominten dat der wat bard, de mominten fan de Kairos. Dan wurdt in polshorloazje oerboadich. Nei en mei beide kin je libje.

Dat wiene de tinzen dy’t ús haadpersoan yn him omgean liet doe’t hy yn de simmer besluet om de oare moarns op ‘e langste dei fan’t bêd te kommen mei it opgean fan de sinne en de dei mei te nimmen. De sinne begûn syn dei en hy ek.
In moai momint om oan dy dei ek sels in momintum mei te jaan. Hiene de âlde folken yn harren religy ek al net manske oandacht jûn oan de dei dat de sinne kearde ?

Dus hy pakte syn fyts ierebetiid en jûch him ôf. Tocht net nei wêrhinne it stjoer rjochte waard mar bliek him op seker stuit te befinen op in fytspaad neist in autodyk wêr’t, ferdomd, him koart nei mekoar twa hurdridende auto’s passearren. Hy realisearre him dat it hastige libben, de tiid fan Chronos neist him plak fûn, knypte yn de remmen en kearde om, om in fytspaad op te sykjen dat him troch it lân de fierte ynwûn, op syk nei it Kairosmomint.

je bent welkom op 17 november 2023

Andere verhalen in deze plaats:

‹ Terug naar overzicht

Bekijk de verhalen

Op Ferhalejûn kinst harkje nei persoanlike ferhalen op de moaiste plakjes fan Fryslân. Hier vind je de verhalen die op 17 november verteld zijn. De volgende Verhalenavond is op 15 november 2024, de derde vrijdag van november.