Freedtejûn 15 novimber 2024 moetet hiel Fryslân inoar yn winterwaarme sfear om ferhalen te fertellen en te beharkjen.

Ik bin ferteller

Wy fine it bysûnder datsto dyn ferhaal diele wolst mei it publyk. Hjir fynst in oantal spulregels en de praktyske checklist dy’t wichtich binne foar dyn tarieding. Noch net oanmeld? Dat kin no!.

Praktyske checklist:

  1. Dyn ferhaal duorret maksimaal acht minuten. Dat is foar de ferteller net te lang en net te koart en jout it publyk de mooglikheid om meardere ferhalen te besykjen.
  2. Do fertelst dyn ferhaal op in gaadlike lokaasje en regelst dizze sels. Dat kin bygelyks yn dyn húskamer, it buerthûs of op dyn wurk. Betink wêr dyn ferhaal it bêste ta syn rjocht komt, wêrsto dy noflik fiele kinst en wêrsto in oantal taskôgers ûntfange kinst.
  3. Soargje dat der in gastfrou/man oanwêzich is dy’t dy helpt. Sa kinsto dy rjochtsje op it fertellen fan it ferhaal en kin de gastfrou/man har dwaande hâlde mei it publyk.
  4. Jou by it oanmelden op de webside oan op hokker mominten en hoe faak do fertelle silst. Sa kinne besikers fan tefoaren in rûte plannen lâns meardere ferhalen.
  5. Promoat Ferhalenjûn en dyn dielname yn dyn eigen netwurk! Natuerlik meitsje wy ek folop reklame. Om’t wy net elk ferhaal apart neame kinne, is it wichtich datst sels ek witte litst datst meidochst. Dat kin hiel simpel troch dyn freonen en famylje derop te wizen of troch in berjocht op social media te setten, wêryn’t do fertelst datst meidochst en dat minsken komme kinne om te lústerjen. Miskien ûntdekst sa dat in buorfrou fan trije huzen fierderop eins ek wol meidwaan wol! Hartstikke moai, want dan binne der al twa ferhalen yn dyn strjitte en kin it publyk nei dyn ferhaal troch nei dat fan dyn buorfrou. Do ûntfangst fan tefoaren fan ús in promoasjepakket mei posters en flyers en hjir kinst online banners downloade.

Tips en spulregels foar in goed ferhaal:

  • Dyn ferhaal duorret maksimaal 8 minuten.
  • Do bist de haadpersoan yn it ferhaal, in persoanlik ferhaal oer in bartens út dyn libben sprekt it meast oan.
  • It is wichtich dat ien bartens yn dyn ferhaal sintraal stiet.
  • Alle súksesfolle boeken of films geane oer in dilemma, kies dus it leafst altyd foar in ferhaal mei in dilemma.
  • Fertel sa byldzjend mooglik, want dyn publyk wie net oanwêzich by de bartens wêr’tsto dyn ferhaal oer fertelst. Brûk details lykas ‘myn reade fytske’ of ‘ik hie in blauwe trui oan mei in rits’.
  • Fertel op in ûntspannen wize, as dysels, sa’tst dat ek dwaan soest op bygelyks in jierdei.
  • Oefenje dyn ferhaal in pear kear, dan witst ofst binnen de oanrikkemandearre tiid bliuwst en wurdst fertroud mei dyn ferhaal.
  • Fertel dyn ferhaal it leafst yn dyn ‘memmetaal’ sa kinst it bêste út dyn hert sprekke.
  • Yn oktober biede wy ek wer in training oan om dyn ferhaal te meitsjen oan de hân fan dizze training. Sadree’t de datum bekend is en do dy oanmelde kinst krije alle fertellers hjir persoanlik berjocht oer en wurdt it op de webside pleatst.

FAQ

Ik kin net goed ferhalen skriuwe, wat no?

In tip: skriuw jo ferhaal op sa’t jo it oan jo buorfrou fertelle soenen. 100 oant 300 wurden is al genôch.

Der docht fierder noch net ien yn myn doarp mei, kin ik wol meidwaan bliuwe?

Fansels! As jo wolle dat mear minsken út jo doarp meidogge, kinne jo sels ek minsken freegje om mei te dwaan!

Mei ik ek mei in oar in ferhaal fertelle?

Fansels!

It past net yn myn hûs, mei it ek yn it doarpshûs/ kafee/ buorlju/ biblioteek/ yn in museum?

Jawis, as jo op in oar plak jo ferhaal fertelle wolle, is it handich om foar jo oanmelding dêr ôfspraken oer te meitsjen. Dan kinne jo by jo oanmelding it adres fan it fertelplak opjaan.

Is der ek promoasjemateriaal? Wannear krij ik dat?

Ja, alle fertellers krije in promoasjepakket thús stjoerd. Dit kinst sawat trije wiken fan tefoaren ferwachtsje. Derneist kinst online materiaal downloade om te dielen fia WhatsApp of dyn social mediakanalen.

Kostet it jild om mei te dwaan?

Nee, meidwaan is fergees.

Hoe kin ik myn ferhaal oanpasse/ôfmelde?

Troch te mailen nei info@verhalenavond.nl kinne jo jo oanpassingen trochjaan of trochjaan dat jo jo ferhaal net mear fertelle kinne.