Oer Verhalenavond
Op Verhalenavond moetet hiel Fryslân inoar om te harkjen nei ferhalen. Ferhalen yn húskeamers, musea, kafeeën, oerheidsgebouwen, biblioteken, by ferienings en bedriuwen.
Ek do hast in ferhaal
Elkenien hat wol in ferhaal. Op Verhalenavond is der foar elk ferhaal in harker. Do hoechst gjin literêre fertelling te hâlden, mar gewoan in ferhaal te dielen, krekt sa’tst it oan in oar fertelle soest. Dingen dy’t bard binne, dy’tst meimakke hast, dy’tst witst oer de omjouwing, of wat net elkenien wit.
Tema Verhalenavond: ‘myn roots’
Oanmelde as ferteller
Oanmelde foar Ferhalenjûn kin hjir
Wêr fertel ik myn ferhaal?
Dat bepaalst hielendal sels. Sykje in plak dat by dy of by dyn ferhaal past. Dat kin gewoan by dy thús wêze, by de buorlju of yn in tsjerke. As de lokaasje fêststiet, kinst dy oanmelde. Dyn ferhaal en lokaasje komme dan op de kaart te stean, sadat it publyk wit datst meidochst.
Organisaasje
It team fan Ferhalenjûn bestiet út:
Wini Weidenaar – Projektlieder
Getty Bouma – Oanjager
Sanne Radersma – Marketing
Anna Witteveen – Foarmjouwer
Maaike Beckers – Fûnswerving
Mila de Smet – Projektmeiwurker